De Ids van der Ende Partij 2009
De winst en krânse waard op de stân fan (5-5 en 6-0) wûn troch Tjardo Bouma en Hester Bruinsma. De twadde priiswinners wienen Reinder Bonekamp en Rianne Nutma. De ferliezersronde is wûn troch Jennie Terpstra en Melissa van der Galiën. Bij de welpen fjouwer partoer en kompetysje keatse. De measte earsten waarden behelle troch Gjalt de Groot en Willem Reitsma ( 21 punten). Mei 14 punten wie de twadde priis foar Rutger Fopma en Skelte de Jong. De jeugd wie wat letter klear as plant, de ‘grutten’ koenen pas om twa oere middeis begjinne. It wie doe al dúdlik dat it in ‘latertje’ wurde soe. En dat waard it ek, tsjin sân oere foel de leste slach, mei alles oan de hang! Johannes Muller sloech op dizze stân de keats foarby en wûn mei syn maten Meinte Bonekamp en Piter Klaversma de earste priis. De ferliezers, mar wol twadde priiswinners, wienen Jan Dick Slop, Hans de Boer en Jan Friso Bruinsma Der wienen seis trijetallen en der waard keatst yn twa poeltsjes mei de winners tsjin elkoar. Lokkich koe der ek keatst wurde yn in aparte froulju klasse. It liket der op dat dit de kommende jierren ek sa bliuwe sil, der binne trije froulje dy’t foar it earst mei keatse. Fiif twatallen en de winst is foar Jolanda Herder en Marjanne Oosterwijk, 2e priis foar Anne Bregt Bruinsma en Yvonne Dolstra De wedstriidlieding wie yn hannen fan Joke Koldyk, de prizen binne útrikt troch Lysbeth van der Ende.
Geplaatst op 31 August 2009